Oan de Tsjerkemienskip fan Drachten

It is al wer efkes lyn dat wy mei it Kwartettekoar by jim op besite wiene. Us “ôfskiedstoernee” by mear as 40 tsjerken lâns is noch yn folle gong. Wy neame it ek wol in “oantrúntoernee”. It is ommers in besykjen de tsjerkemienskippen yn Fryslân mear each en ear krije te litten foar nije lieten yn ús eigen moaie taal. Ek by jimme krigen wij ynspiraasje om fol moed fierder te gean. Nei ús besite oan jim gemeente ha wij alwer yn hiel wat oare plakken west mei de tema’s “Hâld dan de lofsang geande” en “It goede is sterker as’t kweade”. Sûnt 2 febrewaris binne wy ûnderweis mei de jim al bekende prachtige bondel “Hertslach”.
Op sneintemiddei 27 jannewaris waard my it earste eksemplaar fan dizze bondel yn in feestlike byienkomst offisjeel oanbean troch provinsjaal classispredikant Wim Beekman yn de Anna-tsjerke fan Winsum. Sa’n tachtich fan de 170 lieten binne fan myn hân, meast op teksten fan Eppie Dam. Ek oare dichters en muzikanten ha der oan meiwurke en sa waard “Hertslach” in klankryk gehiel mei eigentiidske teksten. It binne lieten “om it út te sjongen”, sa as de ûndertitel oanjout. Stim jaan dus oan sawol de ljochte kanten fan it libben as oan de tsjustere. Ek boartlike lieten foar bern steane der yn. Nei de simmer ferskynt de begeliedingsbondel foar piano of oargel by Intrada op it Hearrenfean.
Dizze oantrúntoernee is foar my in bysûndere manier om, no’t ik 80 jier wurden bin, it byltsje der fleurich by del te lizzen. It liket bytiden wol in réuny, safolle kunde út eardere jierren moetsje ik. Mei tank oan it Kwartettekoar fansels, want alle kearen binne der wer genôch sjongers en muzikanten om der foar te gean. It is foar ús as koar ek bysûnder om yn al dy hiel ferskillende plakken ús ferhaal del te lizzen. Jim ha wol murken dat de leden en de muzikanten mear as in oere fan te foaren al presint binne. Guon hawwe dan al in hiele reis makke, want se komme, sa as wy jim wol ferteld ha, út alle wynstreken: út Holwert en Stienwyk, út Drachten en Starum.
No’t wy al in aardich ein op wei binne, sjogge wy mei niget, mar ek mei tankberens werom op it paad dat wy giene. Alle kearen is it wer oars. Yndrukwekkend ek hoe’t yn al dy ferskillende tsjerkegebouwen al ieuwenlang altyd wer socht is nei wurden en wizen om it út te sjongen.
Wat in ûntfangst krigen wy by jimme en wat wie der in belutsenheid by de tsjerkegongers!
Tige de groetnis!
Hindrik van der Meer (ek fan Beitske)

JSN Decor template designed by JoomlaShine.com