Hartelijk welkom op de site van de Grote Kerk, Zuidkade 19 9203 CK (hoek De Drift/Zuidkade), Drachten

Grote kerk status bovenwijks
Binnen de Protestantse Gemeente Drachten vervult de Grote Kerk een bovenwijkse functie met taken rond erediensten, maatschappij en cultuur. Bij erediensten ligt de nadruk op liturgie, openheid naar theologische ontwikkelingen en ruimte voor experimenten.”

In Memoriam
Neitins oan Klaes Bruinsma
Easterein 1 febr. 1931 - Drachten 29 Okt. 2018" "
Yn ‘e monumintale Martinitsjerke fan Easterein hawwe wy op sneon 3 novimber ôfskie nommen fan Klaes Bruinsma; mei weemoed mar ek mei grutte tankberens foar alles dat hy ús neilitten hat. Nei syn pensjonearring as learaar Ingels en skiednis yn Balk en Drachten, krige hy de gelegenheid om him út te lizzen op it mêd der ’t syn leafde en grutte talinten leinen: it oersetten fan klassike teksten yn it Frysk. In protte prizen foelen him ta, mei as bekroaning de Sulveren Anjer fan it Prins Bernhardfûns yn 2007. Syn oersettings binne net allinne de Fryske kaai ta de skatkeamer fan de âlde klassiken, mar ek ta ferskate midsieuwske teksten.
De bern sille harren heit, de bernsbern harren pake, de famylje harren broer en omke misse, mar ek wy fan de Grutte Tsjerke sille him misse as trouwe tsjerkgonger mei syn fêst plak op de foarste stuollen, mei in pak oersettingen by de hân om út te dielen. Net ien koe sa dúdlik en foarnaam út de Fryske Bibel foarlêze as hy. It wie as hearden wy in bekend bibelstik foar de earste kear.
It libben is foar Bruinsma net altiden like maklik west. Hy fûn syn stipe en steun yn it leauwe . Yn it Hospice Smeldehaven hie Bruinsma al sein: ik wol graach dat jim yn ‘e tanktsjinst foar myn libben Iepenbiering 7: 9 – 17 lêze oer de mannichte foar Gods troan. Hy hie der sels ek in fers op makke. Dat die Bruinsma faak by besûndere gelegenheden; hy neamde himsels in gelegenheidsdichter. Sa beslute wy dit ‘ Yn Memoriam’ mei syn eigen wurden:

Foarútsicht
Wy ha in glimp fan ’t tasein lân al sjoen
en reizj ’ yn leauwe op ‘t hoopjend fizioen
Wy binn’ gjin swalkers , dy ’t gjin eindoel ha
mar reizj’ as pylgers op Gods takomst ta.
Wat sil ús fan Gods trouwe leafde skiede?
Syn sterke hân sil ús nei ’t Ryk ta liede.

Ds. Sjoerd Runia.

 

leden van PGDrachten
Woensdagavond, 31 oktober, vond er een gemeenteavond plaats in de Oase.
Daar werd gesproken over de toekomst van het bij onze Protestantse Gemeente in bezit zijnde onroerend goed.
Op de website kunt u lezen welke informatie die avond werd gedeeld. De Algemene Kerkenraad heeft het voornemen op 17 december 2018 dit besluit te bekrachtigen. Wilt u hierover mondeling contact, dan kunt u gebruik maken van het spreekuur in de Zuiderkerk op maandagavond 5 november a.s., tussen 19.00 – 20.30 uur óf op dinsdagmiddag 6 november tussen 15.30 uur – 17.00 uur.
Tot 23 november 2018 bestaat de mogelijkheid schriftelijk te reageren op het voorgenomen besluit.
Het rapport "van bezit naar gebruik" is verkrijgbaar bij het kerkelijk bureau.
Namens de Algemene Kerkenraad,
Hans Bouma, scriba
 
PS.
Het "Voorgenomen besluit Gebouwen" is woensdagavond na de vergadering te lezen op de website van PGDrachten https://pgdrachten.nl/index.php/nieuws/toekomst-van-pgdrachten.
 

 

Laatste nieuws

JSN Decor template designed by JoomlaShine.com